Spar Wâldsein hat mieltsjinst

Supermerk Spar yn Wâldsein stapt yn it waarme iten. Sûnt koart is de winkel úteinset mei in eigen mieltsjinst. De supermerk giet dêrmei de konkurrinsje oan mei 'Tafeltje-dekje'. De winkel yn Wâldsein is ien fan de trije yn Nederlân dy't meidocht oan in proef. As dy proef slagget, wol de Spar it idee fierder útrôlje.
Minsken kinne online waarm iten bestelle dat thús ôflevere wurdt. Neffens winkeleigner Edwin Kraakman is it miel net te fergelykjen mei de 'kant-en-klaar' mielen dy't er ek yn de winkel ferkeapet.