Ponny omkaam troch ûngelok

It plak fan de deade ponny © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De ponny dêr't fan tocht waard dat hy deagien wie neidat er mishannele wie, is omkaam nei't hy fêst kaam te sitten yn it stek. Dat docht bliken út ûndersyk troch de plysje. De ponny rekke yn panyk nei't it bist fêst kaam te sitten yn it stek en hat sa skuord om los te kommen dat it stek iepen sketten is en it bist mei ferskate ferwûnings yn de berm telâne kaam. Fanwege de swiere ferwunings is de kar makke om it bist ynsliepe te litten.
Om der hielendal wis fan te wêzen dat it bist net troch mishanneling om it libben kaam is, wurde foto's opstjoerd nei de Universiteit Utrecht foar neier ûndersyk.