Grutte beammekap by Oranjewâld

24 jul 2014 - 16:02
  • Kachelhout

Steatsboskbehear begjint oer in pear wike mei de kap fan hûnderten beammen yn Oranjewâld. Sa krije jonge beammen de kâns om better te groeien. De âlde, ferrotte beammen wurde ek fuorthelle. De kap hie eins al begjinne moatten, mar der briedt op dit stuit noch in fûgel yn de bosk. As dy fuort is, kin it wurk begjinne. De beammen dy't omgean binne al wol markeard. It giet yn totaal om sa'n 3000 kúb hout.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)