Mear ynfo oan toeristen Dokkum

24 jul 2014 - 15:36
  • Ynformaasjepunten foar toeristen langer iepen

De trije ynformaasjepunten yn Dokkum binne tenei langer iepen. Toeristen kinne yn museum Admiraliteitshûs, supermerk Jumbo en boekhannel Schaaf ynformaasje krije oer Dokkum en omkriten. It museum krijt in ekstra subsydzje fan de gemeente Dongeradiel om langer iepen te wêzen.

Hjirmei wol Dokkum de service oan de toeristen ferbetterje. Dit past binnen de plannen foar in oare oanpak fan toeristiyske marketing yn Noardeast-Fryslân. Dêrby komt de ferantwurdlikheid foar de promoasje mear by de toeristyske ûndernimmers te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)