Radio Markant wer yn de loft

24 jul 2014 - 13:02
  • Radio Markant

Snitser radiostjoerder Markant is sûnt tongersdei wer te hearren. Nei de fúzje fan 'e lokale stjoerders yn Súd-West Fryslân gie Radio Markant ferlern. De studio gie nei de nije stjoerder Radio Súdwest. In groep âld-Markant meiwurkers koe hjir net mei út 'e fuotten. Begjin dit jier kamen se by elkoar en ha se Radio Markant wer yn it libben roppen.

De útstjoerings wurde no fersoarge fanút de bibleteek yn Snits. Omdat Radio Markant net de offisjele gemeentestjoerder is, ha se gjin frekwinsje yn 'e eter.

Utstjoerings binne dêrom te harkjen op 'e website www.radiomarkant.nl.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)