Mear hierachterstân yn Fryslân

24 jul 2014 - 12:46

Foaral yn Noard-Fryslân binne der hieltiten mear hierders dy't muoite hawwe om de hier te beteljen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Planburo foar de Leefomjouwing. Yn de noardlike helte fan Fryslân rint 17% fan de hierders it risiko dat se de moanlikse wenlesten net mear opbringe kinne. Mei Amsterdam, Flevolân en it noarden fan Grinslân is Noard-Fryslân de regio dêr't dit probleem it grutste is.

Yn Súdwest-Fryslân is it persintaazje hierders mei finansjele problemen 13%, yn Súdeast-Fryslân is dat 11%.

By wenningkorporaasje Thús Wonen yn Dokkum nimt it tal bewenners mei in hierachterstân ta. Neffens direkteur Van der Veen komt dat benammen troch de krisis fan de ôfrûne jierren. Mear hierders binne har wurk kwytrekke en ôfhinklik wurden fan in útkearing. Van der Veen fan Thús Wonen fynt dat de hier net al tefolle mear omheech kin.

De ôfdieling ynkasso fan Thús Wonen moat no al de nedige muoite dwaan om hierders mei in achterstân betelje te litten. Yn guon gefallen wurdt de hier troch de gemeente fan de útkearing ôflutsen en direkt oan de korporaasje betelle. Thús Wonen besiket om hûsútsettings safolle mooglik te foarkommen. Der wurdt altiten earst besocht om yn oerlis mei de gemeente en de kredytbank ta in regeling te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)