Bunker Grou iepen foar publyk

24 jul 2014 - 12:33

De bunker by Grou is iepensteld foar publyk. In pear meter ûnder de grûn sieten yn de tiden fan de kâlde oarloch mear as 100 minsken te wurkjen om de Friezen te beskermjen tsjin in atoombom.

De lêste kear dat de bunker brûkt is wie yn 1986, as kommunikaasjepost by de Alvestêdetocht. In soad frijwilligers hawwe har de ôfrûne moannen oanmelden om de boel op te knappen en de besikers aanst rûn te lieden. Op 13 septimber as it iepen monumintedei is, is de bunker foar it earst tagonkik.

Trefwurden: 
Grou iepen bunker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)