Hurdfarders pakt op PM-kanaal

24 jul 2014 - 12:27

De wetterplysje hat de ôfrûne dagen ferskate boetes útdield by kontrôles op it Prinses Margrietkanaal. By alve oertredings gong it om de snelheid, mar der wienen ek boetes foar te jonge boatsjesfarders. Dêrnjonken hat de plysje ien trappearre dy't te wetterskyen wie achter in speedboat mei bern.

De wetterplysje kontrolearret dizze simmer op lokaasjes dêr't meldings fan oerlest komme. It giet ûnder oare om Kûkherne, Snits, Drylts, De Lemmer, Ljouwert en Wergea.

Trefwurden: 
kontrôle wetterplysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)