Kiosk by Spoekeplas sletten

De kiosk by de Spoekeplas yn Noardwâlde is ticht. De Spoekeplas lûkt mei it moaie waar in soad minsken om te swimmen. Steatsboskbehear is op dit stuit op syk nei in nije pachter, mar de belangstelling falt ôf, omdat de kiosk mar foar twa jier ferhierd wurde kin. In soad ûndernimmers fine dat te koart.
Twa jier lyn wie de kiosk ek al in simmer ticht om't der gjin pachter te finen wie.