Gariper ferwûne by Earnewâld

24 jul 2014 - 10:38

In 18-jierrige frou út Garyp is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Earnewâld. It slachtoffer ried mei de auto fan de Earrewarre ôf de Stukenwei op en kaam yn botsing mei in 50-jierrige automobilist út Easterwâlde.

De auto fan de Gariper kaam troch de oanriding yn de sleat telâne. Se is op it plak fan it ûngelok oan har ferwûnings behannele.

Trefwurden: 
ûngelok Earnewâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)