Ljouwerter dief oppakt

24 jul 2014 - 08:49

In Ljouwerter (35) is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oppakt neidat er besocht hie in man út Hurdegaryp te berôvjen. It slachtoffer stie by de bushalte oan it Blokhúsplein yn Ljouwert, doe't de fertochte in graai die yn de broeksbûse fan de man. Der ûntstie in wrakseling en de Ljouwerter naaide sûnder bút út.

De Hurdegarypster wârskoge de plysje. Doe't de Ljouwert letter op 'e nij by de bushalte kaam, is er oppakt.

Trefwurden: 
Ljouwert dief rôf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)