Boat sinkt boppe It Amelân

In rêdingsboat fan de KNRM
De KNRM hat tongersdeitemoarn twa minsken rêden fan in sinkend jacht, sa'n 50 kilometer boppe It Amelân. De Deenske boat wie tsjin in boei oanfearn. Nei it ûngelok binne de twa bemanningsleden op in flot stapt. In helikopter hat se dêr weihelle en nei Den Helder brocht.
De KNRM en twa bergingsboaten hawwe it jacht earst leechpompt. De sleepboat bringt de boat tongersdei nei Skylge ta.