Raket fan It Fean nei museum

It bedriuw Smart Constructions op It Hearrenfean lit tongersdeitemoarn in grutte V2-raket út de Twadde Wrâldoarloch ferfiere nei it Militêr Museum yn Soesterberg. Meiwurkers fan Smart Constructions hawwe de ôfrûne tiid de 14,5 meter lange raket restaurearre. In bysûndere klus, want der binne noch mar inkelde eksimplaren fan sa'n raket oer de hiele wrâld.
De bedoeling wie yn earste ynstânsje dat de raket woansdei al op transport soe, mar yn ferbân mei de dei fan nasjonale rou is dat útsteld.