Bou poppoadium Ljouwert gund

Harmoniekertier Ljouwert
Hegeman Plus BV út Nijverdal sil it nije poppoadium yn it Harmoniekertier bouwe. Neffens de gemeente Ljouwert tsjinne it boubedriuw in goed plan fan oanpak mei in skerpe priis yn. Hegeman wol by de bou fan it poppoadium safolle mooglik bedriuwen út Ljouwert en omkriten ynsette. Derneist wurdt gearwurke mei studinten fan it Friesland College, dat ek belutsen is by it poadium.
De bou moat yn septimber begjinne en yn septimber 2015 klear wêze.