Jonge dûkt op betonblok

23 jul 2014 - 15:45

In 17-jierrige jonge út Blesdike is tiisdei ferwûne rekke doe't er yn de Vlinderplas by Wolvegea op in betonblok dûkte. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. It blok lei ûnder wetter en wurdt brûkt om driuwlinen op harren plak te hâlden. Fandalen ha mei trije fan de 150 kilo swiere blokken oan it tôgjen west. Ien fan de blokken is ticht oan de kant ûnder wetter lein. Ferline wike hienen de fandalen ek al dwaande west. De gemeente Weststellingwerf hat de blokken doe fuortendaliks wer op har plak lizze litten.

Nei alle gedachten ha de fandalen fan 'e wike op 'e nij dwaande west. De gemeente sil oanjefte dwaan fan it fandalisme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)