Heale Moanne wint by Terherne

It skûtsje de Heale Moanne fan Berend Mink kaam woansdei by Terherne as earste oer de finish by it skûtsjesilen fan de SKS. Twad waard Snits en tred Akkrum. Dat is opmerklik om't it skûtsje fan Meeter tiisdei averij hie. It skip hat no in nij helmhout. De útslach is foarriedich om't der in soad protesten rinne.
De skûtsjes kamen al om healwei fjouweren oer de finish. De wedstriid wie in healoere earder begûn sadat de skippen foar fjouweren binnen binne. Se dogge mei oan de minút stilte yn it ramt fan de dei fan nasjonale rou.