Silerij foar 16.00 oere dien

It skûtsjesilen fan de SKS is woansdei wol fan start gien, mar doel is dat de wedstriid foar fjouweren dien is. De silerij by Terherne is in healoere earder begûn. De skûtsjes kinne har oanslute by de minút stilte dy't op de dei fan nasjonale rou is.
Nei de finish sille alle skûtsjes by elkoar lizze. Elk skûtsje sil de nasjonale flagge healwei de mêst stekke. Dêrnei folgje om 16.00 oere twa salútskotten.