'Meilibjen is wichtich'

23 jul 2014 - 14:26

Foar de famyljes fan de slachtoffers fan de fleantúchramp yn Oekraïne is it wichtich dat se witte dat it hiele lân meilibbet mei har fertriet. Dat seit Reiny van der Vegt fan Hurdegaryp. Se is roubegeliedster en wit hoe wichtich oft it is om op in goede manier ôfskied nimme te kinnen. Fjouwer jier lyn wie sy belutsen by de fleanramp yn Tripoli, dêr't twa minsken út Hurdegaryp by omkamen. Neffens har is dizze sitewaasje oars, om't it no om in oarlochssitewaasje giet. Dizze ramp is sa skokkend dat it goed is om dit nasjonaal mei elkoar te dielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)