Ferfier Dútske V2raket útsteld

23 jul 2014 - 13:06
  • V2 raket op transport

It bedriuw Smart Constructions op It Hearrenfean stelt it ferfier fan in Dútske V2 raket út de Twadde Wrâldoarloch út. De planning wie om de raket woansdei nei it Militair Museum yn Soesterberg te bringen, mar yn ferbân mei de dei fan nasjonale rou fynt it bedriuw it net passend om mei in raket oer de dyk te riden. De raket bliuwt noch op It Hearrenfean en giet tongersdei betiid nei Soesterberg. It is in hiel bysûndere klus om't it om in orizjinele V2 raket giet, de iennichste yn Nederlân.

Op de wrâld binne noch mar in pear fan. De raket wie nei de oarloch hielendal stikken slein en yn in depot opburgen. Smart Constructions hat it restaurearre, nei't it bedriuw dat it earder dwaan soe, him derop stikken biten hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)