Gjin tips Jouster plofkreak

23 jul 2014 - 12:21
  • De pinautomaat op De Jouwer nei de plofkreak

Oer de plofkreak op De Jouwer binne noch gjin tips binnenkaam by de plysje. It tillevyzjeprogramma Opsporing Verzocht bestege tiisdeitejûn op 'e nij omtinken oan de plofkreak op de jildautomaat begjin juny. De plysje siket noch altyd nei minsken dy't de flechtauto's sjoen hawwe foar of nei de plofkreak.

It program wurdt woansdeitemiddei nochris útstjoerd. Plysjewurdfierder Anne van der Meer slút net út dat der yn de rin fan de dei dochs noch tips binnenkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)