Tsjerke iepen, Aldehou liedt

Tsjerke De Schakel yn Ljouwert is woansdei op dizze nasjonale dei fan rou iepen foar publyk. Der binne predikanten oanwêzich om mei belangstellenden nei de roumominten op tillevyzje te sjen.
Ek de Jacobijnertsjerke yn Ljouwert is iepensteld. Sawol de klokken fan de Aldehou en dy fan de Jacobijnertsjerke liede om 16.00 oere.
Mûnen steane ek yn roustân, ûnder oare yn Stiens en Ritsumasyl.
Soarchferskerder De Friesland is tusken fiif foar fjouwer en fiif oer fjouweren net berikber. Yn it belsintrum wurdt om 16.00 oere in minút stilte hâlden. Ek yn de soarchwinkels fan De Friesland wurdt stilstien by de fleanramp fan ferline wike yn Oekraïne.
Foar de slachtoffers fan de fleanramp yn Oekraïne is woansdeitejûn in spesjale gebedstsjinst yn Amersfoart. De Fryske sjongeres Iris Kroes sil dêr sjonge. De betinking is
te sjen op Nederlân 2, fan 19.00 oere ôf.