Jouster boerebrulloft soberder
De boerebrulloft op De Jouwer is wat soberder yn ferbân mei de dei fan nasjonale rou. It evenemint wurdt woansdei foar de 60ste kear organisearre. De trouwerij is sa't it der om 1850 hinne yn Fryslân om en ta gie, mei Fryske hynders, sjeazen en klean út dy tiid. De trouwerij is yn park Heremastate, mar dit jier giet it net om in echt houlik.