Akteur Feije Spoelstra stoarn
Feije Spoelstra is sneon ferstoarn. De akteur is 75 jier wurden. Hy spile de rol fan Appie yn de jeugdsearje Studio F fan Omrop Fryslân. Dat programma foar de heechste groepen fan it basisûnderwiis giet oer in lytse omrop.
Earder spile er by Tryater, ûnder oare yn De Hogerhuissaek yn 1979 en Simson yn 1980.