Tsjûgen socht fan mishanneling

23 jul 2014 - 10:23

De plysje siket tsjûgen fan in gewelddiedige berôving op It Hearrenfean. Op 15 july is om in oere as tsien jûns hinne in 51-jierrige Feanster mei syn freondinne mishannele en bestellen. It stel ried yn de auto oer de Ljouwerterstrjitwei doe't samar ynienen in ûnbekende man op de dyk stie dy't de auto tsjinhold. In twadde man luts de frou út de auto en mishannele har. Dêrby rûn se in brutsen kaak op. Doe't de 51-jierrige man har helpe soe, waard ek hy mishannele en snien mei in mes. It duo naaide rinnend út en naam dêrby de tas fan de frou mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)