Duo stelt mobyltsjes op Hee

23 jul 2014 - 09:57

Op Skylge binne in famke fan 17 en in jonge fan 21 jier út IJmuiden tiisdeitejûn oanhâlden foar it stellen fan mobile telefoans. It duo naam de telefoans by in oplaadpunt op in camping yn it doarpke Hee op it eilân mei. By it ûndersyk fûn de plysje fjouwer mobyltsjes, dy't yn beslach naam binne. De plysje docht noch fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)