Ferwûne by fytsûngelok Drylts

23 jul 2014 - 09:53

Yn Drylts is in sprint tusken in fytsende heit (48) en soan (9) út Hoorn tiisdeitemiddei yn it sikehûs einige. De twa fakânsjegongers woenen op de Sudergoawei sa gau as mooglik rjochting it nammebuordsje fan Drylts fytse, mar it soantsje gong ûnderút. Hy is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)