60e boerebrulloft op De Jouwer

22 jul 2014 - 18:55

Woansdei wurdt op De Jouwer foar de 60e kear de boerebrulloft hâlden. Der wurdt in brulloft neispile sa't dy yn 1850 yn Fryslân hâlden waard. De dei begjint mei in defilee troch de Midstrjitte, wêrnei't de selskip mei de skotsploech foarop nei park Heremastate giet. Yn it park is dan de trouwerij. It is dizze kear gjin echte trouwerij ek al jouwe breid en brêgeman elkoar it ja-wurd.

Nei ôfrin is der in grut brulloftsmiel mei brandewyn en rezinen en 'prom-en-bôle'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)