'Tink om jo hûn mei waarmte'

22 jul 2014 - 17:14

Fryske baaskes mei harren hûn goed yn de gaten hâlde mei dizze simmerske waarmte. Dat seit bedriuwslieder Teije de Haan fan biste-asyl De Wissel yn Ljouwert. Hûnen switte net en kinne allinnich mar ôfkuolje fia de tonge of de poaten. De bisten kinne dêrtroch har waarmte net goed kwyt en reitsje gau yn sjok dêr't se oan stjerre kinne.

Hûnen moatte op waarme dagen in soad yn it skaad sitte en net te lang útlitten wurde. Boppedat moatte baaskes de hûn net oanleine mei it fytsen, omdat dit te folle fan de bisten freegje soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)