Snits wint silen yn Earnewâld

Skipper Douwe Visser hat tiisdei mei it skûtsje fan Snits de tredde SKS-wedstriid by Earnewâld wûn. De Snitsers koene frij sile om 't se by de wâlstart it earste plak lotte hiene. It twadde plak wie foar Earnewâld en De Lemmer waard tredde.
Akkrum mei skipper Pieter Meeter moast de wedstriid mei averij ferlitte. By de boppeste tonne botste it skûtsje fan Ljouwert op it helmhout fan de Akkrumers.