Grut ûnderhâld oan it spoar

22 jul 2014 - 16:00

Der wurdt mei man en macht wurke oan de fernijing fan it spoar tusken Ljouwert en Harns. It spoar wie swier ferâldere en dat betsjutte in risiko foar de feiligens op it spoar. It projekt kostet mei-inoar sa'n 6 miljoen euro. Neffens Robert Hilhorst, projektlieder fan útfierder Strukton, leine der bylzen fan sa'n 50 jier âld dy't nedich oan ferfanging ta wienen.

ProRail hat der foar keazen om it spoar yn de fakânsje oan te pakken, om't der dan minder treinferkear is. It spoar moat kommende moandei klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)