Minder katten nei asyl brocht

Der binne dizze simmer folle minder katten nei biste-asyl De Wissel yn Ljouwert brocht. Dat seit bedriuwslieder Teije de Haan. Gewoanwei krijt it asyl yn de fakânsje in soad katten binnen. Ek wurde der dan folle mear jonge katten brocht. De ôfrûne acht jier wie der elk jier in stiging te sjen. Yn 2012 hie De Wissel meiïnoar wol 240 katten.
Op dit stuit binne der mar sa'n 100 katten yn it asyl. De Haan seit dat hy it moai fynt dat baaskes ferstanniger mei harren bisten omgean. Wat de oarsaak is fan it legere oantal katten, is ûnbekend.