Motorrider ferwûne by botsing
In motorrider is tiisdeitemiddei op de Seedyk yn Lauwerseach ferwûne rekke nei't er yn botsing kaam mei in stilsteande auto. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings troch de traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Wat krekt de oarsaak fan it ûngelok wie, wurdt noch ûndersocht.