Grouster mislediget plysje

© Omrop Fryslân
In 40-jierrige man út Grou is moandeitejûn yn syn wenplak oanholden omdat er in meiwurker fan de plysje oan de tillefoan misledige. De Grouster belle de plysje om melding te dwaan fan lûdsoerlêst. De mislediging wie foar de plysje reden om de man oan te hâlden. By syn oanhâlding misledige er op 'e nij de plysjeminsken. De Grouster is meinaam nei it buro.