Ljouwerter dief brekt skonk

© Omrop Fryslân
In ynbrekker hat moandeitemiddei syn skonk brutsen doe't er útnaaide foar de plysje. De 31-jierrige Ljouwerter waard trapearre by in ynbraak yn in hûs oan de Hemmemastins en naaide út op syn fyts. De plysje sette de wyk Camminghabuorren ôf, mar de Ljouwerter dief wegere fan de fyts ôf te stappen, wêrnei't de plysje him mei de auto klemried.
De man foel en bruts dêrby ien fan syn skonken. Hy is nei it sikehûs brocht. De dief hie de bút fan in eardere ynbraak yn in hûs oan de Atsmastate en in brekizer noch by him.