Accell stjit fitness ôf

Fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean ferkeapet harren fitnessaktiviteiten mei de namme Tunturi Fitness BV. Dêroer is oerienstimming berikt mei ynvestearders. Foar de Accell Group is de fitness komponint te lytsskalich wurden om ûnderdiel te bliuwen fan it hiele bedriuw. Tunturi Fitness ûntwikkelet en leveret fitnessapparaten foar thúsgebrûk.
De produksje bliuwt yn Almere en de aktviteiten sille fierder gean ûnder de namme Tunturi New Fitness BV. De oerdracht fan it hiele bedriuw is op 1 augustus.