Parlemint eart slachtoffers

22 jul 2014 - 07:46
  • De advertinsje mei de nammen yn de deiblêden

Mei rouadvertinsjes yn de moarnskranten betsjûgje ûnder oaren de foarsitters fan de Earste en de Twadde Keamer, Schiphol, de KLM en de reisbrânzje organisaasje ANVR tiisdei it meilibjen mei de slachtoffers yn Oekraïne en de neibesteanden. 'Met ongeloof en grote verslagenheid hebben wij kennis genomen van het neerstorten van vlucht MH17 boven het grondgebied van Oekraïne', sa lit it parlemint witte. De ministerried eart de 298 slachtoffers fan de fleanramp mei in advertinsje fan in hiele side yn de deiblêden.

Dêryn stean alle nammen fan de omkommen passazjiers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)