Kursus oer Frysk hynder

21 jul 2014 - 20:36
  • (fotofoarbyld)

Dútsktalige leafhawwers fan it Fryske hynder krije dizze wike yn Drachten in spesjale kursus oer it hynder. Se leare ûnder oare oer de fokkerij, hoe't se optuge moatte en ek oer hoe't de sjueryleden beoardielje.

It is al de twadde kear dat sa'n soarte fan kursus jûn wurdt. Earder wie der al in Ingelsktalige. Hast de helte fan leden fan de feriening Keninklik Frysk Hynste Stamboek komt út it bûtenlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)