Opbou hynstedagen Driezum

Frijwilligers binne al wiken dwaande mei de 25e edysje fan de Hynstedagen yn Driezum en Wâlterswâld. Hindernissen wurde opboud en oanklaaid foar de maraton op freed foar oanspannings. Der wurde komplete keunstwurken boud dêr't men mei hynder en wein trochhinne moat. Benammen de kategory fjouwerspan belooft in soad spektakel te bringen. Omdat it om in jubileum giet, is dizze edysje talitten ta de Nederlânske kampioenskippen.