Alvestêdetocht oer wetter los

Yn Ljouwert is ien fan de âldste Alvestêdetochten moandei begongen, de edysje dy't oer it wetter giet. Sûnt 1946 wurdt dy om de trije jier hâlden. Foar roeiboaten, kano's, sylboaten en motorboaten. It waar wie in stik minder as de lêste dagen, mar de dielnimmers hiene der allegear sin oan. De bagaazje wurdt mei frachtweinen fan it iene plak nei it oare brocht. De dielnimmers komme rûnom wei en sels út Amearika.
De earste etappe gie moandei fan Ljouwert nei Drylts, de finish is sneon wer yn Ljouwert.