Fakânsje ûntspant net genôch

21 jul 2014 - 16:00

Foar 13% fan de Friezen is de fakânsje net de perioade om ta rêst te kommen. Dat hat de GGZ ûndersocht. Dy groep kin net los komme fan it wurk. Tefolle stress kin gefaarlik wêze en liede ta mentale en fysike problemen. Yn de fakânsjetiid ûntstean ek mear problemen troch alkohol, in tredde part fan de Friezen drinkt yn de frije tiid mear as oars.

Neffens de ûndersikers moatte wurkjouwers ek in belangrike rol spylje yn it fit hâlden fan de wurknimmers en soene se mear yn petear gean moatte hoe't it personiel de fakânsje ynrjochtsje wol.

Trefwurden: 
GGZ ûndersyk fakânsje stress
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)