Noch gjin tips oer brân Harns

21 jul 2014 - 15:15

De plysje hat noch gjin tips binnenkrigen oer de brân yn Harns dy't ôfrûne sneon west hat yn twa loadsen oan de Yndustrywei. In tsjûge hie moarns betiid in groep jonges sjoen yn de buert fan de loadsen. De plysje wol graach yn kontakt komme mei dizze jonges.

It ûndersyk nei de oarsaak fan de brân is ek noch folop geande. By de brân yn Harns hat de Kringloopwinkel fan Omrin en skulpewinbedriuw Waddenzee BV in soad skea oprûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)