Kondoleânseregister De Gordyk

Op De Gordyk is ek plak om de slachtoffers te betinken © ANP
Op twa plakken yn Opsterlân kin in kondoleânseregister tekene wurde foar it by de fleanramp omkommen echtpear fan De Gordyk. Yn dat plak leit in register yn de bibleteek, yn Beetstersweach is dat yn it gemeentehûs.
Boargemaster Jager fan Opsterlân hat de registers moandeitemoarn iepene. Doel is dat de boeken nei ferrin fan tiid oerdroegen wurde oan de famylje fan it pear.