Njoggen skippers op de bon

De plysje hat it ôfrûne wykein njoggen bekeurings útdield oan skippers op de Iselmar. Fiif minsken hienen de boat oanlein yn in beskerme natuergebiet. Trije skippers wienen yn oertreding om't se gjin deademansknop brûkten of gjin swimfesten oan board hienen. De lêste boete waard útdield oan in skipper dy't tefolle alkohol dronken hie en gjin farbewiis hie.
De plysje hâldt dizze simmer mei Steatsboskbehear, FUMO, it Fryske Gea en Rykswettersteat tafersjoch by de Iselmarkust lâns.