Frachtwein fan de dyk op A7

File (argyffoto) © Omrop Fryslân
Op de A7 by It Hearrenfean ûntstie moandeitemoarn in lange file troch in ûngelok mei in frachtwein. De frachtwein kaam fan Ljouwert en woe de A7 nei De Jouwer opride, mar gie op de ferbiningswei rjochttroch en bedarre yn de berm. De frachtwein kaam foar in part op de A7 te stean en blokkearre dêrmei rjochter rydstrook.
Der ûntstie in kilometers lange file op de A7 tusken Tsjalbert nei It Hearrenfean. Der rekke net ien ferwûne. Oan it begjin fan de middei waard de dyk wer frij jûn. Der rekke net ien ferwûne.