Produksje Sparta nei Batavus

Fytsefabryk Batavus op It Hearrenfean krijt der in soad wurknimmers by. Batavus wurket gear mei Sparta yn Apeldoarn, mar de produksje fan dat bedriuw ferhuzet nei Fryslân. Dat betsjut dat goed 40 wurknimmers út Gelderlân aanst hjir oan it wurk sille. Trochdat de produksje fan fytsen aanst op ien plak is, hoopje de fabriken jild te besparjen. It fabryk op It Hearrenfean wurdt folslein ferboud, dat moat op 18 augustus klear wêze.
Meielkoar wurkje der aanst wol minder minsken by de fytsefabriken, mei as gefolch fan de reorganisaasje fan 2013.