Súkses mei lokbûtenboardmotor

Bûtenboardmotor
De plysje yn Earnewâld hat yn de nacht fan snein op moandei in 23-jierrige man út Delft oanhâlden, nei't dy in lokbûtenboardmotor fan de plysje stellen hie. De plysje sette de man op de Wâldwei by Garyp oan de kant. Yn de auto lei de stellen bûtenboardmotor. Der lei ek in imitaasjewapen yn de auto. De motor en it wapen binne yn beslach naam. De man sit noch fêst.
Ferline wike waard by Earnewâld ek al in dief oanhâlden foar it stellen fan de lokbûtenboardmotor. De plysje set dy yn fanwege it grut oantal stellerijen fan bûtenboardmotoaren.