Smilde nimt Homemade oer

21 jul 2014 - 10:11

Smilde Bakery op It Hearrenfean nimt it bedriuw Homemade út Roden oer. Ferline wike waard it bedriuw dat bakmiksen makket fallyt ferklearre. Mei de oername troch it Hearrenfeanster bedriuw komt in ein oan de ûnwissichheid oer de takomst fan Homemade. Neffens direkteur Ronald Bijma fan Homemade kin syn bedriuw him mei help fan it 151-jierrige Smilde fierder ûntwikkelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)