Mear toeristen nei It Amelân
Rederij Wagenborg hat yn 2013 mear passazjiers nei It Amelân oersetten. Sa'n 500.000 toeristen waarden nei it eilân brocht. Skiermûntseach luts mei 270.000 besikers itselde oantal besikers as it jier derfoar.
Dat docht bliken út de jiersifers fan de rederij.