Van Zwieten wint Rengersdei

20 jul 2014 - 18:34
  • Kening Menno van Zwieten
  • Marten Feenstra, Menno van Zwieten en Pier Piersma

Menno van Zwieten, Marten Feenstra en Pier Piersma hawwe snein de Rengersdei wûn. Yn de finale wienen sy mei 5-2 en 6-4 te sterk foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. De lytse preemje wie foar Gert-Anne van der Bos, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger. Feenstra en Piersma koenen ynfalle by kening Van Zwieten omdat sy fergetten wienen har op te jaan foar de Rengersdei. De maten fan Van Zwieten, Kees van der Schoot en Gerrit Jan Duiven, keazen der foar om net te keatsen fanwege de ranking dy't ek PC dielname bepaalt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)