Festival Griene Stjer súkses

20 jul 2014 - 17:47
  • Welcome to the Vilage 2014
  • Welcome to the Vilage 2014
  • Welcome to the Vilage yn in eardere edysje, yn 2014
  • Welcome to the Vilage 2014

De organisaasje fan it trijedaachse Welcome to the Village muzykfestival sjocht mei tefredenheid werom op it evenemint. Goed 6000 minsken kamen op it festival yn de Griene Stjer by Ljouwert ôf. It hiele wykein ferrûn yn in noflike, gemoedlike sfear.

Op Welcome to the Village joegen sa'n 100 bands en artysten út binnen- en bûtenlân optredens. Besikers joegen ek goed gehoar oan de oprop fan de organisaasje om genôch wetter te drinken fanwege it hite waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)